Stremming Koarnwertersân

© Omrop Fryslân
It ferkear oer de Ofslútdyk moat der rekken mei hâlde dat moandei mar ien fan de beide brêgen by Koarnwertersân beskikber is. Oan de oare brêge, dy't yn jannewaris fan dit jier offisjeel iepene is, wurdt ûndersyk dien.
Reden is dat de brêge sneintemiddei net mear ticht woe. Troch in steuring foel de súdlike brêge net mear yn de fergrindeling. Neffens Jim van de Geer fan Rykswettersteat giet it om in 'inslingerprobleem'.