Wettersport net feilich

© Omrop Fryslân
Neffens Avéro Achmea binne wettersporters in gefaar foar harsels en de omjouwing. Ut fragen oan hast twatûzen wettersporters die bliken dat in soad feiligheidssaken net op oarder binne. Gasynstallaasjes doge net, der binne gjin blustekkens of de boat is net registrearre.
In protte minsken hawwe ek gjin eektroanyske ynbraakbefeiliging en gjin motorslot. Der sil no earst mei foarljochting wat oan dien wurde.