Net aaisykje, mar reedride

© Omrop Fryslân
13 maart soe in dei wêze moatte om te ljipaaisykjen. Mar mei de temperatueren fan no binne de minsken earder op redens dan yn it lân te finen. De kâns dat de ljippen har aaien lizze yn dit kâlde winterwaar is hast útsletten.
Yn de Ryptsjerksterpolder hoecht hielendal gjinien op aaien te rekkenjen. Dêr lei safolle iis dat de bekende ploech natoeriisfeteranen it oandoarde de redens ûnder te binen.