Auto mei jirpels om by Surch

14 mrt 2006 - 10:41

Op de autodyk N31 by Surch is moandeitemiddei in frachtwein mei jirpels kantele. De Spaanske sjauffeur kaam mei de skrik frij. De frachtauto kypte om yn in skerpe bocht yn 'e ôfrit fan de N31 nei de A7. De ofrit is ôfsletten foar ferkear en der is in omlieding oanjûn. De stremming sil wol oant 18.00 oere duorje.

Yn de rin fan de middei sille de sipels oprêden wurde en de frachtauto wer op 'e tsjillen setten wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)