Hoannen Dronryp meie bliuwe

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan Dronryp mei hoannen hâlde fan de rjochtbank yn Ljouwert. De buorman fan de man hie de saak oanspand. Hy hie sa folle lêst fan it leven fan de hoannen, dat er him ferskate kearen siik meld hie op de skoalle dêr't er as learaar wurket.
Mar de rjochter wiisde de eask ôf. De learaar wist dat de hoannen der wiene doe't er dêr kaam te wenjen. De eigner fan de hoannen hat maatregels nommen om de oerlêst te beheinen.