Raffaëla ferhuzet nei Drachten

© Omrop Fryslân
Idols-winneres Raffaëla (22) is fan doel om nei Drachten te ferhúzjen. Har freon wennet dêr no al. Raffaëla, dy't no noch yn Emmen wennet, wûn sneontejûn de finale fan Idols fan de oare finaliste Floortje. Raffaëla krige 58 persint fan de stimmen. Doe't de útslach bekend waard, moasten beide finalistes gûle.
Hast trije-en-in-heal miljoen minsken seagen sneontejûn nei de Idols-finale op RTL 4.