Ljouwerters tsjin Saailânplan

© Omrop Fryslân
Ljouwerters binne yn mearderheid tsjin de werynrjochting fan it Saailân. Dat docht bliken út in enkête fan de Ljouwerter Krante. Twaënsechtich persint fan de ynwenners soe tsjin de plannen stimme by in referindum. Foaral âlderen binne tsjin it opknappen fan it stedsplein.
Ut it ûndersyk komt ek nei foaren dat guon Ljouwerters min of net op de hichte binne fan de plannen foar de werynrjochting fan it plein.