Jubileum skûtsje Raerder Roek

© Omrop Fryslân
Grut feest yn Raerd fanwege it jubileum fan har skûtsje de Raerder Roek. It skip waard sneon op de dei ôf hûndert jier lyn te wetter litten by in skipswerf yn Drachten. Doe waard it noch brûkt as frachtskip.
Hjoeddedei docht it skûtsje mei oan de wedstriden fan de IFKS. Sneontejûn wurdt de Raerder Roek opnij doopt om de 100 jier te fieren. Oer de histoarje fan it skip ferskynde koartlyn al in jubileumboek fan Klaas Jansma.