Tido Tinga wint Knipeloop

11 mrt 2006 - 16:40

Tido Tinga fan De Lemmer hat sneon de Knipeloop wûn. De Lemster wûn de 11 kilometer yn in tiid fan 41 minuten en 7 sekonden. Bob van der Weg fan Ousterhaule kaam as twadde oer de einstreek op in efterstân fan 1 minút en 36 sekonden. Jappie Doller fan Appelskea waard tredde.

Yke Schouwstra fan Eastersee wie de rapste by de froulju op de 5,5 kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)