Ynbraak en brân yn jeugdhonken

11 mrt 2006 - 16:10

Yn it jeugdhonk oan de Badhuisweg yn Damwâld is yn de nacht nei sneon ynbrutsen. Ut it klubhûs is in kistje mei jild meinommen. Der is oanjefte dien by de plysje.

Yn Aldegea Smellingerlân is besocht it jeugdhonk yn de brân te stekken. De needdoar oan de sydkant fan it gebou is fan bûtenôf yn de brân stutsen. Dat hat soarge foar in grut gat yn de doar. It gebou hat reekskea oprûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)