Boalserter ferwûne by fjochterij

11 mrt 2006 - 15:49

In 28-jierrige Boalserter is yn de nacht fan freed op sneon ferwûne rekke by fjochterij yn syn wenplak. Hy is mei ferwûnings oan de nekke en oan it liif yn it sikehûs opnaam. De fjochterij wie oan de Bargefenne.

De plysje hat in 20-jierrige stedsgenoat oppakt. Hy hat bekend de man skopt en slein te hawwen. Nei ferhear is de man wer frijlitten. De plysje ûndersiket de saak. Tsjûgen en it slachoffer moatte noch heard wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)