Weifersmellers te gefaarlik

11 mrt 2006 - 15:15

De gemeente Nijefurd moat gefaarlike weifersmellers derwei helje. Dat skriuwt de FNP yn in brief oan B en W s fan Nijefurd. Yn Wommels yn de gemeente Littenseradiel is in riedslid deadlik ferûngelokke by sa'n ferkearsobstakel. Hy ried foar in part mei de tsjellen fan syn auto oer de ferhege weifersmeller en botste op in beam.

Docht Nijefurd der neat oan, dan is it wachtsjen op it earste deadlike ûngelok, fynt de FNP.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)