VVD wol gearwurkje mei D66

11 mrt 2006 - 12:44

De VVD wol by de Steateferkiezings fan takom jier gearwurkje mei D66. Frysk VVD-foarsitter Arno Brok hat dêroer noch foar de riedsferkiezings kontakt hân mei syn D66-kollega. De stânpunten fan beide partijen lizze net bot útinoar, sa fynt Brok. D66 moat noch reagearje op it oanbod.

It idee is ûntstien, omdat de Fryske Steaten lytser wurde. It tal sitten wurdt beheind en dat kin negatyf útpakke foar de lytsere partijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)