Wethâlderspool al 'lekker fol'

11 mrt 2006 - 12:06

Yn de pool fan kandidaat-wethâlders sitte al 31 kandidaten. Krekt foar de riedsferkiezings is organisaasjeburo De Boer fan Ljouwert mei de list begûn. Mei it duale stelsel hoege wethâlders net mear út de rie te kommen. Se kinne ek fan bûten de gemeente komme. Dêr is yn de foarige riedsperioade lykwols net folle gebrûk fan makke.

De Boer hat yn de beide Fryske kranten minsken mei de ambysje om wethâlder te wurden oproppen om harren te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)