Fjildfûgels mear yn 'e knipe

© Omrop Fryslân
Greidefûgels hawwe slim te lijen fan it ferdwinen fan it iepen lânskip yn Fryslân. Dêrom moatte oerheden dêr ekstra omtinken oan jaan. Dat seit ekolooch Eddy Wymenga. Briedfûgels as skries en ljip binne ôfhinklik fan it iepen fjild. Wymenga hat oanwizings dat ek trekfûgels as wylster en hoants it dreech hawwe fanwege minder iepen romte.
Wymenga hat hjiroer publisearre yn it Fryske natuertiidskrift Twirre.