Fleane yn it tsjuster

10 mrt 2006 - 20:32

F16's fan de Ljouwerter fleanbasis sille fan moandei ôf wer trije wike oefenje op jûntiid. Troch de fernijing fan de F16's is it makliker wurden om yn it tsjuster te fleanen. Om de piloaten dêr fertroud mei te meitsjen, moat der oefene wurde op de jûntiden.

Oer trije wiken sil in part fan de Ljouwerter F16's nei Kanada om dêr fierder te oefenjen. Ek sille de Ljouwerter fleantugen meidwaan oan de ynternasjonale oefening Maple Flag.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)