Boargemaster jout advys

© Omrop Fryslân
Boargemaster Lyklema fan Achtkarspelen hat de partijen dy't de kommende wiken ûnderhannelje sille oer in nij kolleezje, in winskelist meijûn. Lyklema wol dat de partijen rekken hâlde mei besunigings troch de minne finansjele sitewaasje yn de gemeente.
CDA en de PvdA yn Achtkarspelen binne min te sprekken oer it optreden fan Lyklema. De partijen fine dat der mei it rapport in claim lein wurdt op de besprekkings.