Tekst oer abortus op web oanpast

© Omrop Fryslân
De provinsje hat in tekst oer abortus op de site jonginfryslan.nl oanpast. Der stiet no dat jongeren foar dit ûnderwerp kontakt opnimme kinne mei de GGD of de stichting Partoer.
De oarspronkelike tekst oer abortus is der nei krityk fan de steatefraksje fan de ChristenUnie/SGP ôfhelle. De fraksje fûn de ynformaasje te iensidich. Sa stie der ûnder oare dat abortus de iennichste oplossing is by in net- winske swangerskip.