"Froulju moatte yn de polityk"

10 mrt 2006 - 17:26

Froulju moatte aktiver wurde yn de polityk. Dat wie freedtemoarn it boadskip by it moarnsbrochje fan Emansipaasjeburo Equa yn Ljouwert.

Inkele tsientallen froulju dy't aktyf binne yn de Fryske polityk kamen dêr op ôf om te netwurkjen en te harkjen nei Tineke Huizinga, twadde keamerlid foar de ChristenUnie. Der waard ek praat oer hoe't froulju ynteressearre wurde kinne foar de polityk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)