Wettertaksy's yn Harns

10 mrt 2006 - 16:03

Harns krijt fan 't simmer in spesjale taksytsjinst op it wetter. De Frisian Yacht Club is dwaande mei it bouwen fan twa sloepen. Der moat in rûte troch de stêd komme mei ferskate haltes ûnderweis.

It is de bedoeling dat de taksy's yn juny by it grutte wettersportevenemint Friesland Vaart al yn de feart komme. Sa kinne in soad toeristen de stêd fan it wetter ôf besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)