Geert Kuiper werom by TVM

10 mrt 2006 - 15:36

Trainer Geert Kuiper fan Aldeholtwâlde komt werom by de TVM-reedridersploech. Kuiper wurdt assistint fan haadtrainer Gerard Kemkers.

Ferline jier noch moast Kuipers fuort by de TVM-reedridersploech, omdat de reedriders Gerard van Velde en Beorn Nijenhuis in oare begelieding winsken yn oanrin nei de Olympyske Spelen yn Turijn. Geert Kuiper wie it ôfrûne seizoen aktyf yn it maratonreedriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)