Buert wol gjin drugsopfang

10 mrt 2006 - 13:05

Sa'n 150 buertbewenners freegje de rjochter gjin nije opfang foar drugsferslaafden oan de Willemskade yn Ljouwert ta te stean. De Stichting Maatschappelijke Opvang hat al fergunning foar it ûnderbringen fan 16 ferslaafden mei psychyske problemen. As dat trochgiet wolle guon buorlju en bedriuwen ferhúzje.

Moandei wurdt de útspraak ferwachte. As dy posityf is, komme de earste ferslaafden in wike letter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)