Utwreidingsplannen Wetsus

10 mrt 2006 - 13:05

It wetterynstitút Wetsus yn Ljouwert hat útwreidingsplannen. It kommende jier wurdt in beslút naam oer in ferdûbeling fan de laboratoariumromte. Wetsus bestiet no twa-en-in-heal jier. It ynstitút docht ûndersyk nei alles wat mei wetter te krijen hat.

Wetsus is no ûnderbrocht by it Van Hall Instituut yn Ljouwert. Njonken de besteande laboratoaria is noch in leechsteande romte dêr't nije ûndersyksromten makke wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)