Pander siket nije club

09 mrt 2006 - 17:46

Ronnie Pander fan De Harkema moat op syk nei in nije club. De 29-jierrige spiler fan BV Veendam hat dit seizoen in blessuere oan de krúsbannen. Troch dy blessuere wurdt syn kontrakt, dat oan 'e ein fan dit seizoen ôfrint, net ferlingd. Pander giet wol op syk nei in oare club yn it betelle fuotbal.

De âld-spiler fan sportclub Hearrenfean is no dwaande mei syn sânde seizoen by BV Veendam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)