'Gruthertoch moat nei foarfaars'

09 mrt 2006 - 16:40

De gruthertoch en de gruthertogin fan Luksemburch moatte by har steatsbesite oan Fryslân seker nei Ljouwert komme. Neffens foarsitter Bearn Bilker fan de Fryske Nassauferiening stamt de Gruthertoch fan Luksemburch streekrjocht ôf fan de Fryske Nassau's.

Tiisdei waard bekend dat de gruthertoch en de gruthertochin fan Luksemburch fan 24 oant 27 april in steatsbesite bringe oan Nederlân. De provinsje Fryslân is ien fan de plakken dêr't se komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)