Gjin nije lúkse wenwyk yn T-diel

09 mrt 2006 - 15:55

Der komt gjin lúkse wenwyk tusken Hurdegaryp en Tytsjerk. De gemeente Tytsjerksteradiel makket dêr al jierren plannen foar, mar de provinsje wol it net hawwe. Dy fynt dat hûzekeapers mei in folle beurs wol yn de Bullepolder, by Ljouwert, telâne kinne.

Tytsjerksteradiel gie dêrom nei de Raad van State, mar dy hat de provinsje yn it gelyk steld. Neffens de Raad bout Tytsjerksteradiel net allinnich foar it eigen ferlet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)