Tichelaar oanwiisd as formateur

09 mrt 2006 - 15:28

Twadde Keamerlid Jacques Tichelaar fan Oranjewâld wurdt ynformateur fan de gemeenteried fan Hearrenfean. De PvdA yn dy gemeente hat him dêrfoar oanwiisd. Nei de riedsferkiezings fan tiisdei moat der in nij kolleezje gearstald wurde. De PvdA is de grutste partij en wiist de formateur oan.

Ynkoarten sil Tichelaar mei alle partijen om tafel om te praten oer mooglik kandidaten foar de wethâldersposten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)