Winst foar Vadeko Flyers
De Vadeko Flyers hawwe woansdei de tredde wedstriid yn de heale finale fan de play-offs tsjin Geleen mei 7-6 wûn. Dat gebeurde pas yn de ferlenging. Nei trije perioades wie de stân 6-6 gelyk.
No snein spylje de Flyers yn Geleen de fjirde wedstriid en mei winst helje de Flyers de finale. At Geleen wint dan folget der in beslissingswedstriid.