NCPN Lemsterlân de grutste

09 mrt 2006 - 12:02

De Nieuwe Communistische Partij Nederland, NCPN, hat yn Lemsterlân de grutste ferkiezingswinst helle út de skiednis fan de partij. De NCPN kaam fan twa op trije sitten. Lemsterlân krijt dêrmei de grutste kommunistyske fraksje fan Nederlân.

De NCPN Lemmer sjocht it leafst dat der twa fan de trije wethâlders oerbliuwe. Fraksjelieder Rinze Visser soe dan wol meiprate wolle oer it kolleezjeprogram.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)