Wetterskip wol minder kosten

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân wol de kosten foar it ferwurkjen en ferstjoeren fan de oanslaggen foar de wetterskipsbelesting ferleegje. It wetterskip ferstjoert de akseptgiro's no noch sels. Dat bart troch in 35 meiwurkers yn Stiens.
Woansdei hawwe de dykgraven en direkteuren fan 5 wetterskippen en wetterliedingbedriuwen yn it noarden lykwols ôfpraten dat se mei-elkoar in spesjaal buro oprjochtsje wolle foar it ferstjoeren fan de oanslaggen.