Jild foar nije boaten

© Omrop Fryslân
De provinsje jout goed trije ton subsydzje út it regionaal Ynnovaasje Programma 'Fryslân Fernijt' foar it ûntwikkeljen fan twa nije boaten. It kennissintrum Jachtbouw krijt in ton foar it meitsjen fan in elektrysk oandreaune sloep. Dy kin sawat trije dagen farre sûnder te tanken.
De sloep sil presintearre wurde by Friesland Vaart yn juny. De rest fan it bedrach giet nei de ûntwikkeling fan in motorjacht foar minsken yn in rolstoel.