3 stimmen te min foar D66

08 mrt 2006 - 21:47

D66/GroenLinks yn Lemsterlân is har riedssit kwytrekke mei mar 3 stimmen tekoart. Neffens it tal reststimmen hie de partij ien fan de fjouwer restsitten helle. Mar omdat lytse partijen yn lytse gemeenten minstens 75 persint fan'e kiesdeler helje moatte slagge dat net.

Mei 316 stimmen miste D66/GroenLinks de kiesdrempel op 3 stimmen nei. De partij ferdwynt no hielendal út de ried fan Lemsterlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)