Ljouwert: PvdA fiif sitten mear

© Omrop Fryslân
De Partij van de Arbeid boekte yn Ljouwert in grutte winst. De PvdA gie fan tsien nei fyftjin sitten yn de Fryske haadstêd. It CDA moat twa sitten ynleverje en gie fan 7 nei 5, de VVD gie fan 5 nei 4. PAL/GrienLinks hâldt stân mei 4 sitten, de SP wint in sit en giet fan 3 nei 4. ChristenUnie wint ek in sit en giet fan 1 nei 2.
D66 ferlear beide sitten en ferdwynt út de ried fan de Fryske haadstêd. De FNP bliuwt stabyl op ien sit.