Johnny de Jonge nei ONS

08 mrt 2006 - 15:09

Johnny de Jonge fuotballet fan takom seizoen ôf by ONS Snits. De 26-jierrige oanfaller, dy't yn Snits berne is, spilet no noch by Appingedam. Dêr is hy mei syn earste seizoen dwaande en spilet hy sawol linker as rjochter spits.

Foar Appingedam spile hy fjouwer jier foar sneins haadklasser SC Joure. De Jonge kaam yn 2000 in jier út foar Cambuur Ljouwert. Hy studearret yn Grins.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)