Soad animo kongres jeugdsoarch

08 mrt 2006 - 11:47

De provinsje Fryslân krijt al in soad oanmeldings foar in kongres oer jeugd- soarch dat op 18 maaie hâlden wurdt. Dat is opmerklik, omdat de útnoegings noch net iens de doar út binne.

De provinsje Fryslân wol besykje de gearwurking by de jeugdsoarch te ferbetterjen. Ien fan de sprekkers is Hans de Boer fan de Task Force Jeugdwerkloosheid. Fierder komme der juristen en jeugdeksperts. It kongres wurdt holden yn it Abe Lenstrastadion.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)