'Kontrolearje aaisikers'

© Omrop Fryslân
De provinsje moat goed kontrolearje hoefolle aaien aaisikers meinimme. Dat skriuwt de Fûgelbeskerming Nederlân yn in brief oan it provinsjebestjoer. Der meie net mear as 7000 aaien meinommen wurde. De ûntheffing foar it aaisykjen is 1 maart yngien en rint ôf op 31 maart. Aaisikers meie elk op syn heechst fyftjin aaien meinimme, as se alteast ek oan neisoarch dogge. De provinsje moat dêrop tafersjoch hâlde.