Aksjes yn handikaptesoarch
Wurknimmers yn 'e handikaptesoarch fiere tiisdei aksje foar in bettere CAO. By de festigings fan organisaasje Talant waard moarns it wurk foar in healoere dellein. It giet mei-inoar om tsien festigings.
Yn Fryslân hawwe nea earder wurkûnderbrekkings yn de handikaptesoarch west. Ien fan de saken dêr't foar striden wurdt, is in leansferheging fan 2%.