Achtkarspelen: FNP ferliest sit

08 mrt 2006 - 11:06

De FNP ferlear in sit yn de ried fan Achtkarspelen: fan 5 nei 4 sitten. De grutte winner yn Achtkarspelen is de PvdA. Dy partij hat no seis sitten yn de ried. Dat is likefolle as it CDA, dat ien sit ferlear.

Der ChristenUnie ferlear in sit en gie fan trije nei twa. Gemeentebelang Achtkarspelen ferlear wol wat stimmen, mar bleau mei twa sitten ridlik stabyl. De VVD buorke in bytsje foarút, mar bleau stykjen op ien sit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)