It Amelân heechste opkomst

08 mrt 2006 - 10:59

It heechste opkomstpersintaazje fan Nederlân by de gemeenteriedsferkiezings is helle troch It Amelân. Op it eilân kaam 87,3 persint fan de kiezers te stimmen. Fjouwer jier lyn lei dat persintaazje noch krekt wat heger, doe stimde 88,4 persint fan de eilanners.

It leechste opkomstpersintaazje waard helle troch de gemeente Delfsyl mei 47,3 persint. De polityk ûnrêstige situaasje yn de gemeente hat dêr in rol yn spile.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)