Potlead foar 't lêst

08 mrt 2006 - 10:34

Yn Eaststellingwerf is tiisdei nei alle gedachten foar it lêst mei it reade potlead stimd. Dat der noch gjin stimkompjûters brûkt waarden, kaam mei troch âld-boargemaster Lesterhuis. Dy fûn de folklore fan it reade potlead sa leuk, dat er net automatiseare woe. Syn opfolger Oosterman, tinkt der oars oer. Fanwege de stimmerij mei it potlead, wie Eaststellingwerf altiten ien fan de gemeenten dy't it lêst mei de útslach kaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)