PvdA grutste yn Smellingerlân

© Omrop Fryslân
De Partij van de Arbeid is it CDA foarbij stutsen as de grutste partij fan Smellingerlân. De PvdA hat 11 sitten yn de nije ried, in winst fan 4. It CDA ferlear in sit en gie fan 8 nei 7. Gemeentebelangen is de grutte ferliezer yn Smellingerlân, want dy partij gie fan 4 sitten nei ien sit.
ChristenUnie en SP wûnen beide in sit. De FNP hâldt in sit, Smallingerlands Belang krijt foar it earst in sit en D66 ferdwynt út de gemeenteried.