Trije sitten foar de SP yn Snits

© Omrop Fryslân
Net de PvdA mar de SP is de grutte winner wurden fan 'e ferkiezings yn Snits. De SP komt nij yn de Snitser ried mei trije sitten. De PvdA wûn ien sit en giet fan 7 nei 8. It CDA ferlear in sit en giet fan 6 nei 5. De FNP gie fan 3 nei 2, GrienLinks fan 2 nei 1.
De VVD bleau yn Snits stabyl mei trije sitten, de ChristenUnie ek mar dan mei ien sit. De Democraten 66 ferlieze har sit en ferdwine dêrmei út de ried fan de Wetterpoartestêd.