Ferlies GemBel Menameradiel

07 mrt 2006 - 23:49

Gemeentebelangen is de grutte ferliezer wurden fan de ferkiezings yn Menameradiel. De pleatslike politike formaasje moat twa fan 'e fjouwer sitten yn de gemeenteried ynleverje. De grutte winner yn Menameradiel is de PvdA. De sosjaal-demokraten geane fan twa nei fjouwer sitten.

CDA en FNP bliuwt gelyk mei elts trije sitten. Opfallend yn Menameradiel is de winst fan GrienLinks fan 1 nei 2 sitten. De VVD levert ien sit yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)