Wymbrits: ferlies Gemeentebelang

07 mrt 2006 - 23:49

Gemeentebelangen is yn Wymbritseradiel de grutte ferliezer fan 'e ferkiezings wurden. De partij ferlear 12% en dêrmei twa sitten. It CDA ferlear ek in sit en gie fan 5 nei 4.

De FNP en de PvdA wûnen yn Wymbrits. De FNP gie fan 3 nei 4 en de PvdA fan 2 nei 3 sitten. De VVD bleau gelyk mar ien sit. De ChristenUnie skoarde 5,2% en komt dêrmei nij yn de gemeenteried fan Wymbritseradiel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)