Opsterlands Belang hâldt stân

07 mrt 2006 - 23:49

In ôfwikende útslach yn Opsterlân. Opsterlands Belang ferlear net, mar bleau stabyl op 25,8%. It OB hâldt dêrmei 6 sitten yn de ried. De PvdA wûn wol yn Opsterlân; fan 20 nei 31,2%. De PvdA krijt no 7 sitten yn de ried en is dêrmei de grutste partij.

CDA en VVD ferlearen beide ien sit yn de ried. De VVD hâldt no mar ien sit oer. ChristenUnie en FNP bleaune yn sitten gelyk. Opsterlanders komt nij yn de gemeenteried mei ien sit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)