PvdA grutte winner yn Boalsert

© Omrop Fryslân
De Partij van de Arbeid is de grutte winner yn Boalsert. De Partij van de Arbeid gie yn Boalsert fan 11,9 nei 31,3% fan 'e stimmen. It Boalserts Belang ferlear op dramatyske wize; de partij gie fan 28,6 nei 11,3 persint.
It CDA bliuwt de grutste partij yn Boalsert. De kristendemokraten giene fan 34,6 nei 38,9 persint. It liket der dêrom sterk op dat CDA en PvdA ta inoar feroardiele binne by it foarmjen fan in nij kolleezje.