Heroïneferstrekking giet troch

07 mrt 2006 - 21:59

Yn Ljouwert wurdt nei alle gedachten noch foar de simmer begûn mei it jaan fan heroïne op medyske grûn, oan slim ferslaafde minsken. De gemeente hat dêr tastimming foar frege oan it ministearje fan folkssûnens.

It giet om in groep fan likernôch 25 ferslaafden dy't ynkoarten ûnder tafersjoch fan in dokter of ferpleechkundige har deistige shot heroïne krije kinne. Dat gebeurt by de ferslavingssoarch Noard-Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)