Twa-en-in-heal potleadgemeenten

07 mrt 2006 - 20:31

Yn 2,5 Fryske gemeenten moat noch op de âlderwetske wize stimd wurde. Dat aparte getal komt trochdat yn 'e gemeente Dongeradiel de iene helte fan de doarpen mei it poatlead stimt en de oare helte mei de kompjûter. It giet mei-inoar om acht doarpen. De oare poatleadgemeenten binne Ljouwerteradiel en Eaststellingwerf.

Harns stean wol stimkompjûters. Dêr lei de opkomst om healwei tolven op 15,8 prosint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)