Koart pleit tsjin ferhúsbedriuw

07 mrt 2006 - 16:04

Fakbûn CNV begjint in koart pleit tsjin ferhúsbedriuw Voerman International omdat it bedriuw yn Ljouwert sân man nei hûs stjoerd hat. Dat gebeurde nei't de wurknimmers in sosjaal plan foar in reorganisaasje ôfwiisd hiene.

Foar de sân minsken binne ynhierkrêften oanlutsen. Se moatte earst har frije dagen opmeitsje foar't se echt dien krije. Neffens it CNV kin in wurkjouwer sa'n konstruksje net samar oplizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)