Parkearterrein tsjerke útwreide

© Omrop Fryslân
It parkearterrein by tsjerke de Iepen Doar yn Fryskepeallen wurdt útwreide. Dêr wie om frege troch de tsjerke sels, mar troch ek pleatslik belang en de iepenbiere basisskoalle.
It parkearterrein wurdt ek brûkt troch de skoalle en as der doarpsfeesten binne. It is op it stuit te lyts om alle drokte oan te kinnen. De gemeente Opsterlân betellet de útwreiding. Dy kostet hast 39.000 euro.